In grut kommunikaasjesúkses kin ik dy nije staveringshifker fan ‘e Akademy net neame. Hoewol dat ding no krekt mear minsken der ta oansette moat Frysk te skriuwen.

De measte Friezen binne no ien kear analfabeet yn harren memmetaal.

Mar, earstens is it bestân allinnich mei Internet Explorer op te heljen; en dat programma is net feilich. Min wurdt tsjinwurdich sels advisearre oare browsers te brûken.

Dan docht bliken datst’ allinne in setup.exe binnen krijst, sûnder ynformaasje. Dy hat in tige Frysksinnige interface, mei wurden as “neikommende”, “in amerijke”, en “foltôgje” dy’t ik noch noait troch in normaal minske brûkt heard haw.

En by eintsjebeslút wurket de staveringshifker net atst’ de âlde hifker út 1999 al ynstalleare hiest.

Hawar. It is in genot.