Wêrom stiet der mar sa’n lyts bytsje Frysk op dizze websiden? It is net dat jo it net kinne soene.
Sa as ek op dizze pagina te lêzen stiet, it ûnderwerp moat him der al foar liene om yn it Frysk oer te skriuwen. En blykber komt soks by my net sa faak foar.

Mar fine jo dan net dat elts dy’t it kin ek de plicht hat Frysk te skriuwen?
Plicht? Sûnt wannear haw ik in plicht?

It Frysk is dochs in prachtige taal?
Jawis, mar it Frysk is net in folsleine taal. Yn it deistich libben sil dat miskien net in soad problemen opsmite. Mar krekt op dit weblog – mei syn soms wat abstrakte ûnderwerpen – docht it dat no krekt al. It is al dreech genôch om wat te sizzen as de wurden der al binne, mar de gedachte allinne noch net.

Sjoch, myn Nederlânsk is as in mânsk oargel, dêr’t ik rûtineard meardere registers fan brûke kin. Yn it Frysk kin ik op syn bêst wat standertferskes op in mûnharpe blaze. Mar dat leit him net allinne oan my, dat komt ek om’t der oer guon ûnderwerpen gjin Frysk klearleit. Dat is in kollektyf falen dêr’t ik net in protte oan dwaan kin.